Gerrie Dantuma komt dizze simmer mei eigen nûmer

Posted by Heleen Roosdorp Category: Nieuws

Gerrie Dantuma

Sjongeres Gerrie Dantuma út Stiens komt dizze simmer mei in eigen nûmer. It is foar it earst dat Dantuma in eigen single útbringt. Der is al in demo opnaam, der moat no noch in arranzjemint op makke wurde. Neffens de sjongeres wurdt it in dancenûmer, mar mooglik dat der ek wol in akoestyske fersy fan opnaam wurdt.

Se hat it skreaun mei Heleen Roosdorp út Ljouwert. De twa binne mekoar tsjinkaam by Omrop Fryslân. Dêr is it idee ûntstien om tegearre in nûmer te skriuwen. Gerrie Dantuma is earder tredde wurden yn The Voice of Holland.

Bron: http://www.omropfryslan.nl/nijs/gerrie-dantuma-komt-dizze-simmer-mei-eigen-numer